Hindelooper Johan Langbroek leeft per dag

6 februari 2019

In september 2018 draaiden Johan en Annie Langbroek de sleutel van hun winkel in de Burensteeg van Hindeloopen voor het laatst in het slot. Dat was eigenlijk twee maanden eerder dan de planning, want de datum 17 november stond voor de ondernemers vast, ware het niet dat de ziekte van Johan roet in het eten gooide. Toen Johan en Annie in september van vakantie terugkeerden bleek dat de leukemie, na zeven jaar weg geweest te zijn, weer opspeelde bij de SlaBa ( slager/bakker) van Hindeloopen.

Tijd om eerder met de toko te stoppen. Nee, dit wordt geen zielig interview, daarvoor is het echtpaar te levenslustig en gaat het naar omstandigheden goed met Johan: “Ik doch alles noch en ha gelokkich net al tefolle lêst fan de chemo’s, it kin wer better en ik sit no op de helt. We skarrelje moai troch, allinne spitech dat we gjin echt ôfskied fan de klanten nimme koene”.

Na 43 jaar de winkel in het pittoreske Hindeloopen te hebben gerund is het best wennen dat de winkel nu leeg staat. Een foto in de lege winkel maken is dan ook geen optie, dat moet maar in het plaatsje zelf, daar waar het ruim 40 jaar geleden allemaal begon.

Tachtig uur per week werken

“Foardat wij yn Hylpen kamen wurke ik bij it team SPAR Supermarken dêr’t ik startende festigingen yn it noarden mei holp op te setten. Dat wiene hektise tiden fan moarns fiif oantjûns njoggen oere, 80/90 oeren wurkje yn sa’n wike wie gjinprobleem. Doe’t ik mei Annie dy’t yn ‘e ferpleging wurke, waard dat oars. We seagen mekoar amper en doe die ik it foarstel om in wike op en in wike ôf te wurkjen. Dat fûn de baas gjin goed idee en ik sei ‘bêst, dan nim ik ûntslach’. Want at ik mear as 80 oeren foar in baas wurkje kin dan kin ik dat foar mysels ek.”

En aldus geschiedde. Johan en Annie trekken de stoute ondernemersschoen aan en gaan de dag voor hun huwelijkvoltrekking op bezoek bij slager Pieter Hoekema en ze komen overeen om de slagerij eerst een jaar te huren met optie tot koop waarbij meteen een koopbedrag werd afgesproken. Johan, woonde toen in Burgum en Annie kwam van Ternaard. Een hele andere hoek in Friesland.

“Ik wie 22 jier en je moasten earst marris ôfwachtsje dat wij hjir aksepteard wurde soene. It wie 1 jannewaris 1976 en ik fielde mij meiien thús, Hylpen is in moai plakje om te wenjenen de minsken litte dy hjir frij. Annie moast earst wenne, ik hie myn wurk mar sij hie it opjaan moatten. Dat wie doe sa.Doe’t ús twa bern der wiene, fûn Annie har draai ek al gau ynHylpen. We binne ien mei de Hylpers wurden.”

Mag het een paar gram meer zijn?

Johan bemoeide zich gevraagd en ongevraagd  met verschillende dingen in het stadje en hij ging en gaat er graag op uit. In tegenstelling tot zijn vrouw die liever thuis bleef en blijft.

“Achter de toanbank ferkocht ik graach in pûn gehak en it leafst in pear streepkes mear mar ik moast der jûns wol op út, oars waard myn wrâld te lyts. Ik fyn it machtich om ynbestjoeren te sitten, om mei elkoar wat te dwaan. Ik kaam al gau yn ferskillende bestjoeren, foarsitter fan de Kruisvereniging wie myn earste klusje. Letter folgen de begraffenisferiening wêr’t ik wol 25 jier foar yn it bestjoersitten haw. Nei wat probleempjes yn ut Fûkebestjoer kamen se bij mij oft ik ek helpe woe. We hawwe doe de Fûke, úsmienskipssintrum, ferselstandigd en dêr hawwe we noch altydplezier fan.”

Hindeloopen

“Yn Hylpen moast dysels bliuwe. Asto dysels net bist en do dochst dy oars foar as’t bist dan falst troch de koer. Dan stiestop it toaniel, dat kin foar in jier mar gjin 43 jier, dat nimme de Hylpers net. Ik praat no wol Hylpers, mar it gekke is dat de Hylpers tsjin my Frysk prate. Ik fyn dat fout omdat se gwoanHylpers tsjin my trochprate moatte. Mar in Hylper past himgau oan, dat sil mei it toerisme te meitsjen ha. Mar ‘de Leugenbank’ seit dat ik wol in echte Hylper wurden bin. Wat in echte Hylper is, dat is amper út te lizzen.  Hjir rûkst, hearsten priuwst it wetter, dat hat wat. It wetter hat bepaalde kracht. Ik gean ek elke sneintemoarn even nei de Leugenbank, dêrhast útsicht op de haven en de see. Hylpen libbet, der is gjindei gelyk.”

Raadslid

Johan Lanbroek (66) is al weer bezig met zijn derde periode als PvdA-raadslid in de gemeente Súdwest-Fryslân. Hij begeleidt o.a. het jonge raadslid Habtamu de Hoop (21), met wie hij wekelijks de verschillende raadsstukken doorneemt. Langbroek heeft overigens nooit een verkiezingsbiljet van de PvdA op zijn winkelraam gehad, de Hindeloopers wisten zo ook wel dat de slager en later door de combinatie als verkoper van bakkerswaren ook bekend als de SlaBa  ‘sa read as wat’ was.   Door zijn bemoeienissen als bestuurslid van verschillende verenigingen kwam Johan regelmatig in aanraking met de politiek. Zo kon het dan gebeuren dat hij voor de verkiezingen van de nieuwe fusiegemeente SWF voor de socialisten op de kieslijst kwam te staan. Eerder was hij al als schaduwfractielid en had hij al bedankt voor alle andere bestuursfuncties.

“ In hiel soad minsken fine ‘dé polityk’ flauwekul. Want se tinke dat alles al regele is. Mar dat is net wier, de minskenwitte net hoe’t it wurket. Ik rôp de minsken ek altyd op wannear’t se wat wolle de polityk yn te skeakeljen. It kolleezje hat yn feite neat te sizzen, de rie is de baas!”

En de toekomst? “Ik sjoch op dit moment net nei twa of trijejier foarút, ik besjoch it per dei en dan haw ik alle moed!”

Henk v/d Veer